Zwerver troch Thailan

Deel 2

Der bin ik wer...

Freed te moarn om 6.15u bin ik fanut myn hutje mei de backpack nei it busstation yn Pai ta roen. 3 oeren lang wer yn in buske de dyk mei 600 bochten werom. Toen yn de Tuktuk nei Chiang Mai Airport.. 2,5 oere fleanen nei Surat Thani en fanut der mei de bus nei de pier wer de boat nei Koh Phangang giet. Noch 3 oeren op de boat... al mei al 12 oeren underweis foar dat ik bij myn hotel wie. Dat hotel hie ik yn de bus nei de pier efkes gauw boekt want ik hie noch gean accommodatie. It is best luxe en dat bevalt prima! Foaral de airco is erg fijn.

Der binne steeds beste buien mar tusken troch fermaitsje ik my opperbest troch te ieten,drinken, te ieten en te ieten. En dit alles op it stran...heerlijk! En de traditionele thaise massage net te ferjitten. Ik bin op in joen nei Walking Street west en ha der wat Souvenirs kocht. Hjir nei sil op nei Kao Sok Nationale Park.

En der bin ik juster joen oan kaam, eerst wer werom op de boat nei Sarut Thani en toen yn e bus richting Kao Sok. Underweis noch oerstapt yn in minivan en der gong ik mei 13 minsken incl. backpacks. En no dus yn de jungle.

Fannacht in drokte fan belang... sa folle beesten heart. Mar under myn Klamboe fielde ik my wol veilig.

Ik ha in mooi huske en tichtbij de bar... hjir is wifi en ik sil no de foto's uploaden die ik makke ha fan de omgeving en fan het badderen fan de olifant.

Iepen het filmke en jim sille sjen dat it echt wier is.... ik durf in olifant ieten te jaan... En ik ha aapkes sjoen.

Ik geniet hjir noch efkes... Oant letter! !!!!

Reacties

Reacties

Tante

Klinkt allegearre SUPER moai. Genietsje noch mar en doch foarsichtig. Dikke tût.???

Albert

Hoi jannie
Jert en sjocht er alejer best uit.
Wat een protte ieten. Der hoarre we wol van ?? mooi filmke ek. En wat een ervaring mij die grutte olifanten. En de aapkes. Mooi dat het reizen die ek goed auw gjit. Nog maar even genieten yn de jungle. En doch tarzan de groeten. Protte wille en lekker genieten... dikke tut van us xxx

Annelies

He Jannie, wat moai om te sjen dast do san wille hast!! Superleuk om de bielden by dien ferhaal te besjen! Ik fien it supetstoer dast dien grinzen ferkenst, wa hie dat tocht; Jannie knuffelend mei in olifant?
Tot snel mei it folgende ferhaal!!!

{{ reactie.poster_name }}

Reageer

Laat een reactie achter!

De volgende fout is opgetreden
  • {{ error }}
{{ reactieForm.errorMessage }}
Je reactie is opgeslagen!