Zwerver troch Thailan

Deel 4

Hjoed noch mar 5 dagen te gean ... der is volop sinne dus ik wol deze dagen dan ek mar benutte mei it opdwaan fan in kleurke.

It sliepen yn in Hostel is my goed bevallen. Op Koh Lanta siet ik yn 'Hey Beach' en dat wie dan ek direct oan it stran mei in leuke reggae tent erbij. De 1e nacht siet ik mei in famke ut de VS, een nacht allinnich en in nacht mei in famke ut Spanje.

Ik ha in 4 island tour dien en die wie spectaculair. Mei in leuke groep minsken en in zeeziek gezin. We ha snorkele en ik bin de Emarald Cave yn zwom. Zwemmen yn hege golven mei in zwemvest oan is in hele utdaging mar wer ik utkaam toen ik uteindelijk troch de grot zwom wie like wol it paradijs. Prachtig!

Toen tocht ik lit ik Koh Lanta mei de scooter gean verkennen.... de frou freege nei myn ervaring op in scooter te riden? Ik mocht de scooter wol fan it plak ride. Tusken in parkeerde auto en noch tig scooters. Dat gong natuurlijk helemaal net goed en sa hie Koh Lanta op die dei 1 toerist per fiets.

Yn Nederland betelje we tsjinwurdig foar in plastic putsje yn e winkel... Yn de 7/11, een supermarkt wer ik geregeld kom, der doche ze alles yn plastic. Myn sigaretten doche ze wer yn in apart putsje dan myn producten ut de koeling. En ot ik 4 drinken helje, krij ik 4 rietjes die wer yn plastic verpakt sitte. Zelfs de doppen fan fleskes wetter sit plastic om. Ik bin alles behalve milieu bewust mar dit fien ik wol opvallend. Ik ha in foto fan de 7/11, let foaral op de blinkende fiets die parkeert stiet.

De reis op de boat nei Phuket wie ek leuk. Mei in vriendengroep ut Engeland... ik foen 1 fan hun op in personage ut de serie Shameless likjen. Ik bin bang dat deze jongen de rest fan syn fakansje de namme 'Lip' sil krije.

Ik zit no op Phuket yn Chillhub Hostel en ha in jongen ut Engeland als kamergenoot.

De kommende dagen sil ik sa als ik al sei wat relaxe en ut fugelen hoe ik it allerbeste aansluitend op myn vlucht wer thus kin komme.

Want 1 ding is zeker... der giet niks boven thus. Tut fan Jannie


Reacties

Reacties

Heit en Mem

Hest it wer mooi verteld Jannie. In hele belevenis, mar we sjuche der no wer nei ut dast thus komst.. Nog mar efkes lekker in e sinne en geniete fan de léste dagen. Dikke tút fan us en in poatsje fan Arie.

Marit

Fantastisch! Lekker relaxxe en nog geniete fan it waar en de omgeving.
Skriuwst it super leuk.
En wat grappig fan die scooter haha!
Moai opt fietske, nog even dan bist wer thus. Lekker geniete nog efkes! Dikke tút xxx

Taetske

Jeetje Jannie wat in avontuur!! Ik ha ontzettend folle respect foar dij dast dit dost en doarst! Geniet nog efkes de lêste dagen! Groetjes taetske

{{ reactie.poster_name }}

Reageer

Laat een reactie achter!

De volgende fout is opgetreden
  • {{ error }}
{{ reactieForm.errorMessage }}
Je reactie is opgeslagen!